My video

Meer informatie op: https://geenzandindustrieijsselmeer.nl/

Nederlandse tekst staat onderaan het artikel

Harksitting sânwinning Iselmar oansteande

Nei in soad maatskiplike wjerstân hat de Gemeenteried fan De Fryske Marren febrewaris 2019 besletten om gjin fergunning te ferlienen oan in grutskalige sânwinning mei in yndustrieel ferwurkingseilân yn de Iselmar. De arguminten dêrfoar wienen en bliuwe de ynpakt op de natuer, de skea oan it wide útsjoch oer de Iselmar en de bijkommende lûdshinder. Smals, it sânwinbedriuw, hat dêr berop tsjin oantekene bij de Raad van State. De harksitting oer dat berop is no pland, nammentlik 5 novimber om 11.00 oere yn De Haach. De útspraak folget binnen in termyn fan uterlik 12 wiken.

De Raad van State sjocht net nei de ynhâld fan it beslút. Se sjocht oft it beslút op de goeie wize ta stân kommen is oft it konform de wet en reedlik is en oft de belangen fan alle partijen goed behertige binne. Omdat de Raad van State it heechste bestjoersorgaan is, is dizze útspraak definityf. Dêr is dan gjin berop mear tsjin mooglik.

Fanwegen corona kinne allinnich fertsjintwurdigers fan de belanghawwenden nei de sitting, Dat binne uteraard de Gemeente De Fryske Marren en Smals, tusken har spilet dit berop. Mar ek ferskillende organisaasjes fan it Comité Geen Zandindustrie IJsselmeer (de Natuerorganisaasjes, de Iselmarferiening en bewenners fan Murns) ha har foege yn it proses en sille dêrbij in rol spylje. Us juristen ha frege oft de harksitting digitaal útstjoerd wurde kin, sadat dy dan thús te folgjen is troch alle belangstellenden.

Hoe siet it ek al wer: midden yn it reade gebiet fan it IJsselmeer Beheerplan wol Koninklijke Smals begjinne mei in grutte sânwinning (sjoch de kaart). It IJsselmeer Beheerplan is yn it kader fan Natura 2000 troch de mienskiplike oerheden opsteld om de natuer te beskermjen. Yn de blauwe en griene sônes binnen eventueel aktiviteiten mooglik. Mar krekt yn de ferbeane reade sône wol Smals in yndustrieel eilân oprjochtsje en dêromhinne in grutskalige sânwinning starte.

De Gemeenteried seit dat yn dit beskerme natuergebiet gjin yndustriële sânwinning heart. De minister hie beslute kinnen om de gemeente opdracht te jaan it bestimmingsplan wol oan te passen, mar hat dêr gjin reden ta sjoen. Smals moat no oantoane dat it beslút fan de gemeente ûnreedlik is.

Wij fine uteraard dat de Gemeente alle reden hie om dit beslút te nimmen, en fertrouwe derop dat de gemeente troch de Raad van State yn it gelyk steld wurd.

Aksjegroep Murns

Hoorzitting Zandwinning IJsselmeer aanstaande

Na veel maatschappelijke weerstand heeft de Gemeenteraad van De Fryske Marren februari 2019 besloten om geen vergunning te verlenen aan een grootschalige zandwinning met een industrieel verwerkingseiland in het IJsselmeer. De argumenten daarvoor waren en blijven de impact op de natuur, de schade aan het weidse uitzicht over het IJsselmeer en de bijkomende geluidshinder. Smals, het zandwinbedrijf, heeft daar beroep tegen aangetekend bij de Raad van State. De hoorzitting over dat beroep is nu gepland, namelijk 5 november om 11.00 uur in Den Haag. De uitspraak volgt binnen een termijn van uiterlijk 12 weken.

De Raad van State kijkt niet naar de inhoud van het besluit. Ze bekijkt of het besluit op de juiste wijze tot stand is gekomen, of het conform de wet en redelijk is en of de belangen van alle partijen goed zijn behartigd. Omdat de Raad van State het hoogste bestuursorgaan is, is deze uitspraak definitief.
Daar is geen beroep meer tegen mogelijk.

Vanwege corona kunnen alleen vertegenwoordigers van de belanghebbenden naar de zitting. Dat zijn uiteraard de Gemeente De Fryske Marren en Smals, tussen die beide speelt het beroep. Maar ook verschillende organisaties van het Comité Geen Zandindustrie IJsselmeer (de Natuurorganisaties, de IJsselmeervereniging en bewoners van Murns) hebben zich in het proces gevoegd en zullen daar een rol bij spelen. Onze juristen hebben gevraagd of de hoorzitting digitaal kan worden uitgezonden, zodat die dan thuis te volgen is door alle belangstellenden.

Hoe zat het ook al weer: midden in het rode gebied van het IJsselmeer Beheerplan wil Smals beginnen met een grote zandwinning (zie de kaart). Het IJsselmeer Beheerplan is in het kader van Natura 2000 door de gemeenschappelijke overheden opgesteld om de natuur te beschermen. In de blauwe en groene zones zijn eventueel activiteiten mogelijk. Maar precies in de verboden rode zone wil Smals een industrieel eiland oprichten en daaromheen een grootschalige zandwinning starten.

De Gemeenteraad zegt dat in dit beschermde natuurgebied geen industriële zandwinning hoort. De minister had kunnen besluiten om de gemeente opdracht te geven het bestemmingsplan wel aan te passen, maar heeft daar geen reden toe gezien. Smals moet nu aantonen dat het onredelijk is. Wij vinden uiteraard dat de Gemeente alle reden had om dit besluit te nemen, en vertrouwen erop dat de Gemeente door de Raad van State in het gelijk gesteld wordt.

Comité Geen Zandindustrie IJsselmeer
https://www.geenzandindustrieijsselmeer.nl
Ons informatiefilmpje staat uiteraard op de site maar is ook rechtstreeks te bekijken op YouTube:

Op Paed

Op Paed

Blomsma Fotografie

Blomsma Fotografie

Dierenpension Immermoed

Dierenpension Immermoed

Schilders Mous & Verbeek

Schilders Mous & Verbeek

Karyon Computers

Karyon Computers

 

  

                                          Klik hier voor meer informatie                                                

Nieuws